Availability: In Stock

Op’e Njoggende Planeet | 25

SKU: 9789464624724

 22,95

Op ’e njoggende planeet is it fiifentweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint.

Description

Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it Folk, Mei Gidsen nei Hichten, Hege Flecht, Dynamyske Bestimming, Oergongen en Swart Gat wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant midden 2002.

Troch in boppenatuerlike ûnderfining komt de auteur yn syn syktocht nei de oplossing fan it besteansmystearje op ’e njoggende planeet telâne. Dêr moetet er Bouke Blomhof, syn mem en beide pakes en fierder skriuwers, skilders, komponisten, wittenskippers en filosofen: Harry Mulisch, Ernest Hemingway, Albert Einstein, Albert Camus, Alexander Solzjenitsyn, Arvo Pärt, Stephen Hawking, Vincent van Gogh, Gustave Mahler, Sigmund Freud, Edvard Munch, Friedrich Nietzsche, Jean-Jacques Rousseau, Baruch Spinoza, Augustinus, Titus Lucretius Carus, Socrates, Plato en Jezus Kristus. Dante Alighieri, dy’t earder gids wie troch de moderne hel, bringt de auteur fan de iene persoanlikheid nei de oare. By elk docht er in partsje fan de wierheid op, mar ta de ‘Teory fan Alles’ komt it net. De ierde is op ’e nij syn bestimming.

Skriuwer: Willem Tjerkstra

Additional information

Boek auteur

Soort boek

Paperback / softback

Aantal pagina's

272

Reviews

There are no reviews yet.

Be the first to review “Op’e Njoggende Planeet | 25”