Mei Russyske Mystearjes – Diel 2 fan ‘In Fryske Odyssee

Auteur: Willem Tjerkstra

ISBN: 9789463389174
Soort boek: Paperback / softback
Aantal pagina's: 318
Publicatie datum: 14-08-2020
Prijs: € 18.95

In winkelmand

Mei Russyske Mystearjes – Diel 2 fan ‘In Fryske Odyssee

Mei Russyske Mystearjes is it twadde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee.
Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de
Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is ûnderdiel fan in searje ferhalen,
libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in
relaasje ha mei it libben fan de haadpersoan.
Yn it earste boek, Mei it Mystearje, waard it libben fan Bouke beskreaun as
jonkje (1944), as puber (1956), as studint fan de oplieding foar learkrêft
(1958) en as begjinnend boer (1960).
It twadde boek giet ûnder oare oer it libben fan Bouke Blomhof yn de
jierren 1961 oant en mei 1967. In wichtige boarne is it Deiboek fan de boer
en ‘filosoof ’.
Ien fan de belangrykste ûnderdielen fan it twadde boek is de keunst en
literatuer fan Ruslân yn relaasje ta de polityk. Dat ferklearret de namme Mei
Russyske Mystearjes en de ôfbylding op it omslach: De Wolgaslepers fan skilder
Ilja Repin.
De auteur giet yn it twadde boek wer by guon mystearjes lâns en makket
mei Dante as gids in firtuele ekskurzje troch de moderne hel.

Delen via

Het artikel is toegevoegd aan je winkelmand.

Close